Maeykehiem sil gearwurkje mei soarchynstelling Flevopolder

Maeykehiem yn Sint Nyk
Soarchynstellings Maeykehiem yn Súdwest-Fryslân en Triade yn de Flevopolder sille mear gearwurkje op it mêd fan behannelingen foar de kliïnten. Troch kennis, ûnderfining en ynsichten mei-inoar te dielen wolle de ynstellingen de soarch ferbetterje. Sa kinne se dan spesjalisten ynhiere. De soarch sil neffens bestjoerder Jan Stelwagen net djoerder wurde. Troch de gearwurking kin Maeykehiem selsstannich bliuwe.