Akwaduktbak Drachtsterwei Ljouwert no fol wetter

18 apr 2016 - 21:25

Sûnt dizze wike stiet der wetter yn 'e akwaduktbak oer de Drachtsterwei yn Ljouwert. It is in earste tarieding op it wer geskikt meitsjen fan it hiele Van Harinxmakanaal foar de skipfeart. It kanaal moat fan 15 maaie ôf wer befarber wêze. Dat is sa ôfpraat mei de beropsfeart. Foar't it safier is, hellet oannimmer Heijmans de daamwanden dy't no noch yn it wetter stean, fuort.

Om alles op 'e tiid klear te krijen, wurdt der tenei ek sneins trochwurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)