Beslút Genee oer azc Wytmarsum 'begryplik'

It Sintraal orgaan Opfang Asylsikers (COA) neamt it beslút fan ûndernimmer Tom Genee om de stekker út de opfang fan twahûndert flechtlingen yn Wytmarsum te lûken teloarstellend, mar wol begryplik. Genee woe yn it eardere kleaster yn it doarp asylsikers opfange. De tsien meiwurkers fan it COA soene dan yn it eardere gemeentehûs yn it doarp ûnderbrocht wurde. Mar de eigener wol dêr net oan meiwurkje.
It COA siket no nei alternativen foar de opfang. Neffens in wurdfierder wurdt rûnom yn Fryslân wurke oan nije opfangmooglikheden.
Boargemaster Hayo Apotheker hat ek begryp foar it beslút fan Genee. It is in sakeman dy't in sakedeal net trochgean sjocht, seit Apotheker. De gemeenteried sil tongersdeitejûn oer mooglike nije opfangplakken prate. De gemeente Súdwest-Fryslân moat sawat tûzen flechtlingen opfange. Allinnich in azc mei seishûndert plakken yn Snits is wis. De ried moat dus sykje nei opfangplakken foar noch fjouwerhûndert flechtlingen.
De hiele saak hat de ôfrûne moannen foar flink wat rebûlje soarge yn Wytmarsum. Ynwenners hawwe sels in enkête yn it doarp hâlden. Klaas Smit fan de enkêtekommisje is ferromme dat projektûntwikkelder Genee syn plan ynlutsen hat.