Soad drokte by ynringearkomste oer gaswinning Toppenhuzen

18 apr 2016 - 19:11

Yn Toppenhuzen wie moandei in drokbesochte ynformaasjegearkomste oer gaswinning by it doarp. Organisaasjes en oerheden wiene oanwêzich yn multyfunksjoneel sintrum It Harspit om belangstellenden te ynformearjen. Minsken koene ek beswieren yntsjinje. Notulisten sieten klear om beswieren tsjin de winning of it transport dat dêrmei anneks is, fêst te lizzen.

Enerzjybedriuw Vermilion wol by Toppenhuzen 500 miljoen kúb gas winne. Dat soe tsien oant fyftjin jier duorje. Oant 6 maaie kinne noch beswieren yntsjinne wurde.

Der is in soad ûngerêstens oer de gaswinning by Toppenhuzen. Ut ûndersiken komme ferskillende sifers nei foaren. Bewenners tinke boppedat dat it net tafalle sil om achterôf te bewizen dat skea oan de wente troch gaswinning komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)