Plysje warskôget foar falsk jild op Skylge
De plysje op Skylge warskôget foar falske briefkes fan 50 euro. Der is neffens de plysje in falsk biljet oanbean by in ûndernimmer yn West-Skylge. It is net bekend wa't it dien hat. Undernimmers dy't in falsk biljet oanbean krigen hawwe, wurdt frege altyd de plysje te warskôgjen.