Fiif boetes foar gefaarlik riden op klaverblêd

Klaverblêd It Hearrenfean © Google Street View
De plysje op It Hearrenfean hat sneintejûn fiif boetes útdield oan bestjoerders dy't te hurd of gefaarlik rieden op it klaverblêd. Op it krúspunt fan de A32 en de A7 mei net hurder as 100 kilometer yn 'e oere riden wurde.
Ien automobilist ried mei hast 150 kilometer oer it klaverblêd. In oare automobilist krige twa bekeurings. Hy naam op de A7 in ferkearde ôfslach, ried oer de dûbelde trochlutsen streek de sneldyk wer op en drukte syn auto by de ôfslach Ljouwert tusken twa oare auto's. Dêrmei feroarsake er hast in oanriding.