"Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert moat wer beweechber wurde"

18 apr 2016 - 15:21
  • De Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert is no in fêste brêge
  • Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert yn it ferline

De rop om de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert wer beweechber te meitsjen klinkt hieltyd lûder. It soe in ympuls wêze foar de binnenstêd. Moandeitejûn is der in debat oer de saak.

De Prins Hendrikbrêge foarmet de ferbining tusken it stasjon en it stedssintrum. Skippen en boaten dy't fan de iene kant fan Ljouwert nei de oare wolle, moatte no in hiel ein omfarre. De weriepening fan de brêge soe foar in soad ekstra bestegingen yn de binnenstêd soargje, tinke de inisjatyfnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)