Plysje pakt twa ynbrekkers op yn Penjum
Twa Harnzers binne sneintemiddei trappearre by in ynbraak yn Penjum. De twa waarden betrape yn in hûs oan de Taekelaan en naaiden út op in scooter. De plysje koe it duo op de Rommerdalaan ynrekkenje. Beide fertochten, fan 29 en 56 jier, sitte noch fêst.
Der wurdt noch ûndersocht oft se wat stellen hawwe út de wenning yn Penjum.