Flinterwurkgroep Fryslân wol nije atlas yn 2020

18 apr 2016 - 09:47

De Flinterwurkgroep Fryslân wol oer fjouwer jier, yn 2020, in nije atlas útjaan fan alle deiflinters yn Fryslân. Yn 2000 ferskynde dizze atlas foar it lêst. De wurkgroep wol hjirmei ûndersykje oft de sifers fan it CBS ek foar Fryslân jilde. It ûndersyksburo melde ferline moanne dat it lanlik sjoen better giet mei de flinters. Om de atlas gear te stallen, wolle de leden de deiflinters telle op kilometerhok-nivo.

Dit betsjut dat goed 4.000 gebietsjes fan ien by ien kilometer yndield wurde. Dy wurde allegearre ûndersocht op de oanwêzichheid fan flinters. De Flinterwurkgroep hopet dat in soad minsken meihelpe wolle mei de ynventarisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)