Marit Bouwmeester bliuwt oan kop op WK silen
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten behâldt de lieding op it WK. Se helle op de fjirde dei fan it toernoai yn Meksiko it twadde plak. Dat bringt har totaal op njoggen punten. Nûmer twa Paige Railey hat 19 punten. Erika Reineka stiet tredde mei 23 punten.
It WK duorret noch oant en mei woansdei.