Neisoargers binne tefreden oer spesjale greidefûgel-app

18 apr 2016 - 08:16
  • Greidefûgels

Neisoargers en beskermers fan greidefûgels binne tefreden oer de spesjale app dêr't se nêsten en it tal aaien mei trochjaan kinne. Hast alle Fryske fûgelwachten hawwe harren oanmeld foar it systeem wêrmei't de nêstgegevens op alle mominten fan de dei trochjûn wurde kinne. Trochdat de oanlevering fan nêstgegevens folle flugger giet, krijt it BFVW ek flugger in byld fan de nêstûntwikkeling.

Neisoargers hawwe neffens it bûn wol de yndruk dat dy ûntwikkeling efter rint yn fergelyk mei eardere jierren. Troch de gegevens oer in pear jier te sammeljen, kinne se mooglik brûkt wurde foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)