Elma de Vries komt mei de helikopter en wint koers yn Goes

17 apr 2016 - 22:49

Skeelerrydster Elma de Vries fan De Haule hat sneon yn Goes de wedstriid Zeeland on Wheels wûn. Se kaam solo oer de einstreek. It twadde plak wie foar Jessica Gaudesaboos út België en tredde waard Marieke van Hoek. De Vries hat in nije sponsor. Se komt no út foar IST KeepMoving.

De Vries is mei de helikopter nei de wedstriid yn Goes flein. Se leart foar helikopterpiloat en moast noch in ekstra flecht fan twa oeren meitsje. Dat waard Goes, eefkes koers en werom mei de hely.

Trefwurden: 
Elma de Vries skeelerjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)