Epke Zonderland en Michel Bletterman: "Dit is super"

Twa Fryske turners wienen sneontenacht út 'e skroeven yn Rio de Janeiro. It giet om Epke Zonderland fan De Lemmer en Michel Bletterman út Ljouwert. Foar it earst yn 'e skiednis giet in Nederlânsk manljusteam nei de Olympyske Spelen ta. Op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn it Braziliaanske Rio de Janeiro einige it team fan turncoach Bram van Bokhoven as tredde. Dat wie mear as genôch.
"Dit is super. Hjir hawwe we fan tefoaren allegearre op hope en foar wurke", sei Epke Zonderland.
"It besef dat wy mei fiif turners nei de Spelen meie, is wol hiel bysûnder", ferfolge Zonderland.
Bletterman kin it hast net leauwe
"Ik ben superblij dat we geschiedenis hebben geschreven. Eigenlijk dringt het succes nu pas tot me door", sei Michel Bletterman.
Tredde
Oranje kaam út op in skoare fan 347,444 en einige dêrmei as tredde. De ploegen fan Dútslân (350,609), Oekraïne (350,160) en Frankryk (346,583) meie ek meidwaan oan de Olympyske Spelen.