Drankriders pakt yn Drachten en Ljouwert

Alkoholkontrôle (argyffoto) © Omrop Fryslân
By plysjekontrôles rûnom yn de provinsje binne sneontenacht trije drankriders betrape. In 32-jierrige Ljouwerter blaasde 780 ug/l, wat op in promillaazje fan likernôch 1,80 delkomt. Dat is fjouwer kear mear as it wetlik tastiene promillaazje (0,5). In 49-jierrige stedsgenoat waard ek mei tefolle drank op pakt. Ut ûndersyk op it plysjeburo die bliken dat de man ried mei in ûnjildich rydbewiis. Syn rydbewiis wie earder ûnjildich ferklearre, om't er al meardere kearen trapearre waard foar it riden ûnder ynfloed fan alkohol.
Beide fertochten moatte harren ynkoarten ferantwurdzje foar de plysjerjochter.
Yn Drachten pakte de plysje in 46-jierrige begjinnende bestjoerder út Drachten dy't tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen en hy moat by it CBR in alkoholkursus dwaan.