Fryske polityk nei Den Haag om gaswinning

17 apr 2016 - 22:01

Ferskate Fryske wethâlders en de deputearren reizgje tiisdei nei Den Haach om de Twadde Keamer in manifest oan te bieden tsjin de gaswinning. De Fryske polityk is tsjin gaswinning yn ús provinsje, mar it is de minister dy't úteinlik beslút oft en wêr't der gas wûn wurdt. No't de gaskraan yn Grinslân mear en mear tichtdraaid wurdt, komme de lytsere Fryske gasfjilden hieltyd faker yn byld.

Manifest

It manifest giet foaral oer de soargen dy't der binne ûnder de Friezen. Yn Fryslân is men benaud foar de gefolgen dy't de gas- en sâltwinning hjir op termyn hawwe kin. Is der kâns op boaiemdelgong, skea oan wenningen, huzen dy't minder wurdich wurde? En hoe sit it mei de miljeuskea? En wa draait hjir allegearre foar op?

Nije mynbouwet

De minister bepaalt dus oft en wêr't der wûn wurdt, op basis fan de mynbouwer. Dizze wet wurdt foar de simmer nei alle gedachten oanpast yn ferbân mei de situaasje yn Grinslân. Der geane stimmen op om de omkearde bewiislêst hjiryn op te nimmen. Dat betsjut dat de winner bewize moat dat skea net fan de winning komt, yn plak fan dat de boargers bewize moatte dat skea troch winning komt.

Mear ynspraak

Twadde Keamerlid Eric Smaling fan de SP hopet ek dat gemeenten en provinsjes mear ynfloed krije en fynt dat dit yn de nije wet komme moat. Hy hopet dat se advys en -better noch- ynstimmingsrjocht krije. Dat soe betsjutte dat de minister altyd by de lokale en regionale oerheden del moat om oer gaswinningsbesluten te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)