Turncoach Van den Berg: "Turners mentaal onverwoestbaar"

De Nederlânske turnmanlju fertsjinje in enoarm komplimint foar har pleatsing foar de Olympyske Spelen yn Rio. Dat fynt turn- en sportcoach Tjalling van den Berg, dy't de prestaasje fan de manlju sneontenacht folge hat.
Van den Berg fynt de Ljouwerter turner Michel Bletterman in grutte ferrassing. Bletterman toande him de bêste allrounder fan it team. Hy turne op seis ûnderdielen mei. Van den Berg neamt de manlju ek 'mentaal onverwoestbaar', hielendal omdat harren coach der troch sykte net by wêze koe.
Epke Zonderland
It is foar it earst yn de skiednis dat de manlju har as team pleatse foar de Spelen. Opfallend fynt Van den Berg de prestaasje fan Epke Zonderland op de rekstôk. Epke waard yn de tarieding pleage troch blessueres en sit noch mar op 80 persint fan syn kinnen, dochs notearre hy 15.233 punten op dit ûnderdiel.
Medaljekânsen
De kânsen foar it hiele team op in medalje by de Olympyske Spelen, oer fjouwer moannen yn Rio, binnen neffens Tjalling van den Berg net grut. Wol binne der goeie kânsen foar yndividuele turners, lykas Epke Zonderland. It team kin ek noch útwreide wurde mei oare turners dy't miskien net in fersterking binne foar it team, mar op yndividuele ûnderdielen wol kânsen meitsje.