Underskieding foar Johannes de Wit

17 apr 2016 - 09:14

Johannes de Wit út Ysbrechtum is troch de Europeeske Gewichthef Federaasje ûnderskieden mei in earemedalje en in sertifikaat fan fertsjinste. De medalje waard útrikt yn de krachtsportbuorkerij fan Wout Zijlstra yn Folsgeare.

It is pas de fjirde kear dat dizze ûnderskieding yn Nederlân útrikt wurdt. De 64-jierrige Johannes de Wit is al 50 jier aktyf yn de krachtsport. Hy hat sels Nederlânsk kampioen gewichtheffen west en is noch aktyf as trainer en as organisator fan de Fryske kampioenskippen gewichtheffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)