Lange Markstraat Ljouwert noch langer ticht

16 apr 2016 - 17:58

It is ûndúdlik wannear't de Lange Marktstraat yn it sintrum fan Ljouwert wer iepengiet. De strjitte is sûnt woansdeitejûn ôfsletten, omdat der gefaar bestiet dat der gevelplaten fan de Avérotoer ôffalle. Sneon koe der net wurke wurde oan it fêstsetten fan de 30 platen, om't it te hurd waaide. De gemeente kin dan ek net sizze wannear't de strjitte wol wer iepengiet.

It giet om it stik fan de Lange Marktstraat tusken de rotonde mei de Sophialaan en de rotonde mei de Oude Veemarkt.

It wie al bekend dat de befêstiging fan de gevelplaten min wie. By in eardere ynspeksje begjin dit jier wie dat al oan it ljocht kaam. Om't der boppe op de toer in beskerme Noardske falk sit te brieden, mocht der net trochwurke wurde yn ferbân mei de Floara- en Faunawet. It wie de bedoeling de platen nei it briedseizoen oan te pakken. De oannimmer fynt lykwols dat der in akút gefaar is. Eigener fan it gebou Achmea hat dêrom in ûntheffing oanfrege fan de Floara- en Faunawet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)