Gryp hâldt Lieuwe Westra bûten de Amstel Gold Race

16 apr 2016 - 14:56
  • Lieuwe Westra

Lieuwe Westra rydt snein net mei yn de Amstel Gold Race. De hurdfytser fan De Tynje hat de gryp. Dat makket syn ploech Astana sneon bekend. It plak fan Westra wurdt ynnaam troch ploechgenoat Diego Rosa út Italië.

Pieter Weening fan De Harkema giet snein wol fan start. "Ik fiel my thús yn de Amstel Gold Race. It is myn trainingsgebiet en dat makket it makliker. Mar dat makket it gjin relaxte wedstriid of sa. We sille it besykje, ik fiel my fit. As ik goed bin, wit ik wat ik dwaan moat om foaroan riden te bliuwen", sa seit er yn de LC.

Weening is dit jier goed úteinsetten by syn nije ploech Roompot. Yn de Ronde fan Catalonië ried er goed fan foaren mei en even like it der sels op dat er de keninginnerit winne soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)