Gjin Bernard Smildepriis: "Ynstjoeringen net geskikt"

16 apr 2016 - 14:17

De Bernard Smildepriis wurdt dit jier net útrikt. Neffens de sjuery is der net ien ynstjoering binnen kaam, dy't yn de beneaming komt om de priis te winnen. De Bernard Smildepriis is bedoeld foar nije Frysktalige lieten dy't brûkt wurde yn de tsjerketsjinst of yn de tsjerklike mienskip. De priis soe hjoed foar de fjirde kear útrikt wurde op de Krúspuntdei yn Akkrum.

De stichting Krúspunt hie dielnimmers frege om wat te dwaan mei it tema fertriet, rou of ôfskied, mar de lietteksten dy't binnen kamen, wiene neffens de sjuery net geskikt om yn de tsjerklike mienskip te brûken.

De Bernard Smildepriis is ferneamd nei komponist, oersetter en tekstdichter Bernard Smilde, dy't twa jier lyn ferstoarn is. Doel is dat de priis takom jier wol wer útrikt wurdt. Eardere winners fan de Bernard Smildepriis binne Margriet Poortstra (twa kear) en Jacobus Knol. Trije kear wie it tema in kristlike feestdei: Pinkster, Krysttiid en Peaske.

De Stichting Krúspunt is fan betinken dat der yn Fryslân te min eigentalige tsjerkelieten yn libben gebrûk binne. Dêrom wol Krúspunt fan ûnderen op stimulearje dat de minsken dy't de tsjerken drage, sels mei moaie lieten komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)