Frontale oanriding N31 by Harns, twa ferwûnen

16 apr 2016 - 13:39

Op de N31 by Harns hat sneontemiddei in frontale oanriding west tusken twa auto's. Dêrtroch hat de dyk yn beide rjochtingen ticht west, op 'e hichte fan de Keningsbrêge, tusken de ôfrit Harns en de oansluting mei de A31.

Ferkear fan beide kanten moast omride oer de A32 en de A7. By de oanriding binne twa persoanen licht ferwûne rekke.

Trefwurden: 
ûngelok N31 Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)