Rugbyferiening Greate Pier iepenet nij kluphûs

16 apr 2016 - 13:18
  • It nije kompleks fan rugbyferiening Greate Pier
  • It rugby sit bot yn 'e lift

'De Arumer Velden', dat is tenei de namme fan it kompleks fan rugbyferiening Greate Pier út Ljouwert. De nije namme is oan it sportpark jûn, omdat sneon ek de iepening is fan it nije kluphûs 'Piers Stee'. De link mei Grutte Pier, dy't oanfierder wie fan rebelleleger de Arumer Swarte Heap, is dúdlik oanwêzich.

Rugbyferiening Greate Pier wie ta oan in nij kompleks, fanwegen de groei fan de feriening. It ôfrûne jier is it ledetal fan de feriening hast ferdûbele, fan 80 nei 140. Neffens de organisaasje sit rugby bot yn de lift yn Fryslân.

WK rugby

De tanamme is neffens de foarsitter fan Greate Pier, Jouke Lemke, ûnder oaren te tankjen oan it omtinken dat jûn is oan it wrâldkampioenskip rugby fan ferline jier.

Dat de iepening fan it kompleks op 16 april bart, is gjin tafal. Eksakt hûndert jier earder spile it Nederlânske rugbyteam yn Ljouwert har earste rugby-ynterlân. De wedstriid fan 16 april 1916 wie tsjin militêren út Ingelân en Skotlân. De militêren wiene hjir fanwegen de Earste Wrâldoarloch. Yn it nije kluphûs fan Greate Pier is in tentoanstelling te sjen oer de skiednis fan it rugby en de Earste Wrâldoarloch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)