SP organisearret aksjedei yn Toppenhuzen tsjin gaswinning

Der moat in grutte manifestaasje komme tsjin de gaswinning yn Fryslân. Dat seit steatelid Machiel Aarten fan de SP. De datum stiet al fêst: 28 maaie. Sneon sille sa'n 25 minsken mei-inoar om tafel om te sjen hoe't se in bydrage leverje kinne oan dy aksjedei. Neffens Aarten binne minsken bot skrokken fan it rapport Houtenbos, dat stelt dat ek Snits lêst krije kin fan de boarringen by Toppenhuzen.
As der genôch romte is, wol Aarten de provinsjale aksjedei yn Toppenhuzen hâlde. Dat doarp stiet symboal foar wat der yn Fryslân oan de hân is, seit er. "Gaswinningsbedrijven kunnen mooie praatjes houden, van 'het valt allemaal wel mee', terwijl het rapport Houtenbos nu spreekt van een kans op verzakkingen die acht keer groter is dan wat Vermilion doet voorstellen."