Grutte plysjekontrôle op stasjon Ljouwert

It gebiet foar it stasjon giet hielendal oer de kop © Omrop Fryslân - Willem de Boer
De plysje hat freedtemiddei en -jûn op it stasjon fan Ljouwert in grutte kontrôle-aksje hâlden. Yn 'e mande mei ferfierbedriuwen NS en Arriva, waard op it stasjon kontrolearre op swartriders en oerlêstbesoargers. Der is yn totaal 56 kear proses-ferbaal opmakke, foaral foar swartriden, smoke op it stasjon en it drinken fan alkohol yn it iepenbier.
De plysje en de ferfierbedriuwen wolle tenei better gearwurkje, om't der neffens de organisaasjes hieltyd mear oerlêst en geweldsynsidinten barre op stasjons en yn 'e treinen en bussen.