Feanster froulju ferlieze mei 2-1 fan Telstar

15 apr 2016 - 21:26

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn mei 2-1 ferlern fan Telstar. De Feanster kamen noch wol op foarsprong, mar koenen dy net fêsthâlde. Simone Kets iepene de skoare healwei de earste helte. Nei in corner fan Telstar ferdigenen de Feanster froulju goed út en Natalie van den Heuvel sette Kets ien op ien mei de keeper. 1-0 wie ek de stân by rêst.

De twadde helte wie amper begûn of Telstar kaam op likense hichte. Goed tsien minuten letter foel ek de 2-1 fan Telstar binnen.

De Feanster froulju krigen noch wol kânsen op de lykmakker, mar it bleau 2-1 foar Telstar. SC Hearrenfean bliuwt yn de kompetysje op it ien-nei-lêste plak stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)