RealFit-programma foar jongerein T'diel slacht oan

15 apr 2016 - 18:55

It saneamde RealFit-programma foar jongeren is goed oanslein yn Burgum. In ploech jongeren hat trettjin wiken lang yn 't spier west by it nije bewegingssintrum Reset. Mei help fan in trainer, in coach en diëtist is in hiel programma ôfwurke om sûner te wurden.

Freed wie de feestlike ôfsluting dêr't wethâlder Doeke Fokkema sertifikaten útrikke koe oan de dielnimmers. Yn de gemeente Tytsjerksteradiel binne mar leafst 600 jongeren tusken de tsien en tweintich jier te grou, sa docht bliken út sifers fan de GGD.

Nei dizze suksesfolle start fan it RealFit-porgramma, set der yn septimber op 'e nij in groep útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)