Zonderland en Bletterman ha fertrouwen yn pleatsing Rio

16 apr 2016 - 07:04

Epke Zonderland sil noch net folút turnje op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Rio de Janeiro. De Lemster komt sneontenacht op trije ûnderdielen yn aksje. Op syn favorite rekstôk turnet hy in oefening mei in punt minder as normaal. Op de brêge slacht hy ien elemint oer. Op foltige docht hy wol in folsleine oefening.

Zonderland hat al tiden lêst fan ûntstutsen byholten. Dat is noch net hielendal hersteld, mar hy fielt him al in stik better.

"It is efkes oanpasse hjir. It is waarm, ik ha wat lêst fan in jetlag en we turnje pas om 23.30 oere Nederlânske tiid. De ûntstekking hat wat tiid nedich, mar ik bin al lang bliid dat ik no safier bin."

Goede kâns

Zonderland skat de kânsen dat de Nederlânske ploech him pleatst heech yn. "We binne better as by it lêste WK en doe sieten we oan de goeie kant fan de skoare. Ik ha der wol fertrouwen yn." Nederlân komt út yn de lêste subdifyzje. Dat hat as foardiel dat Nederlân wit hokker skoare se helje moat.

Soad fertrouwen

Dêrtroch hat dy oare Fryske dielnimmer der ek in soad fertrouwen yn. Ljouwerter Michel Bletterman sil oan alle ûnderdielen meidwaan. "We hebben al gewonnen van Frankrijk en Spanje. En als ik zie hoe we de laatste weken nog zijn gegroeid, dan ziet het er goed uit."

Bletterman docht mei oan de mearkamp. It is foar him de earste kear dat hy yn Rio de Janeiro is. "Wat een schitterende stad. En ik ben ook nog eens erg fit. Of laat ik het maar op zijn Leeuwarders zeggen: ik bin kneiterfit."

Fjouwer teams nei OS

Nederlân komt sneontenacht om 23.30 oere yn aksje. Earst komme Dútslân en Kanada yn aksje. Dêrnei Roemenië, Spanje en Frankryk, en ta beslút België, Oekraïne en Nederlân.

Fan de acht lannen geane de bêste fjouwer nei de Olympyske Spelen as team. Der gean per team fiif dielnimmers nei Rio. Dit kwalifikaasjetoernoai dogge der lykwols noch seis mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)