Plysje warskôget foar babbeltrúks yn Noardeast-Fryslân

15 apr 2016 - 18:36

De plysje yn Noardeast-Fryslân warskôget foar babbeltrúks. Der is in groep aktyf yn it noarden fan it lân, dy't him foaral rjochtet op de âlderein yn de doarpen. Yn guon gefallen freegje de fertochten oft se efkes gebrûk meitsje meie fan it húske of as minsken keamers te hier hawwe.

Doel fan de babbeltrúk is om guod út huzen te stellen. De plysje ropt minsken op om fertochte situaasjes troch te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)