Doarpsbelangen komme mar dreech oan nije bestjoersleden

Doarpsbelangen hawwe it hjoed-de-dei tige dreech om nije leden te finen. Yn in soad doarpen yn Fryslân is der ûnder de ynwenners net in soad animo foar de titel foarsitter of sekretaris fan it doarpsbestjoer, dat seit Jaap Koen Bijma fan Doarpswurk. Neffens him komt dit troch de hjoeddeistige bestjoersfoarm. Dat soe net mear fan dizze tiid wêze, sa seit Bijma. Ynwenners wolle wol helpe mei it organisearjen fan it ien en oar, mar wolle net foar in langere tiid oan in bestjoer ferbûn wêze.
Koartere projekten en better kontakt mei oare ferienings en organisaasjes út de buert soe de oplossing wêze, neffens Bijma fan Doarpswurk. Sa kinne de organisaasjes gearwurkje en komt net alle ferantwurdlikheid op ien bestjoer te lizzen.
Wommels
Sa blykt wol yn Wommels. Ferskate oproppen fan it bestjoer foar nije leden yn doarpskranten en fergaderingen hawwe neat úthelle om de doarpsbewenners dochs oer te heljen om harren op te jaan. En wat moatte je dan as organisaasje? Lotsje! En dêr hienen de ynwenners fan Wommels net op rekkene.
''It koe net oars'', sa seit Meinte Wesselius dy't no diel útmakket fan it bestjoer. ''As der no gjin nije leden bykomme, dan kinne wy gelyk wol ophâlde te bestean''. De lotting foar dit jier wie tongersdeitejûn. Hjir kaam út dat Siemy Molenmaker út Wommels it bestjoer yn moat. Se wol der earst noch wol efkes oer neitinke.