Larsson fraachteken foar Excelsior

15 apr 2016 - 13:19

It is noch ûnwis oft Foppe de Haan yn de útwedstriid tsjin Excelsior beskikke kin oer Sam Larsson. De Sweed is yn de wedstriid tsjin AZ troch syn ankel gien en hat de folsleine wike apart fan de groep traind. Sneon wurdt besletten oft Larsson ynsetber is. Mocht Larsson net spylje kinne dan is Luciano Slagveer syn ferfanger, Zeneli ferhuzet dan nei de linkerkant. Foppe de Haan wol mei it each op de wedstriid tsjin Ajax gjin risiko nimme mei Larsson: "Sam is fifty fifty. Hy wol graach fuotbalje, mar Ajax is wichtiger. Ik nim gjin inkel risisko"

"Wy moatte tsjin Excelsior fan it begjin ôf de toan sette. By harren leit de druk der goed op. Wy wolle graacg, sy moatte. It is krekt as boksen, de earste klap is in daalder wurdich", sa seit Foppe de Haan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)