HCL krijt unyk skilderij fan Ljouwerter stedsfeesten

© HCL
It Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) krijt in unyk skilderij oanbean fan de stedsfeesten fan 1935. Yn dat jier waard it 500-jierrich bestean fan Ljouwert fierd. Op it skilderij is in part fan de grutte histoaryske optocht op it Hofplein te sjen. Dy optocht wie it hichtepunt fan de festiviteiten. Oant no ta wiene hjir allinnich swart-wyt foto's en in film fan bekend. It skilderij is yn kleur en jout neffens HCL in goed oanfoljend byld fan de stedsfeesten.
It skilderij is makke troch keunstner Hein Froonen, dy't yn de jierren tritich yn Ljouwert wenne. Anton de Jong hat it skilderij skonken oan it HCL. Dy krige it wer út de neilittenskip fan syn heit. It skilderij wurdt no moandei offisjeel oerdroegen.