Wikseljend sukses foar Bouwmeester by begjin WK yn Meksiko

15 apr 2016 - 11:53
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is mei wikseljend sukses begûn oan de earste dei fan it WK silen yn Meksiko. Yn de earste race einige se op it 17de plak, de twadde race wûn se. Dêrtroch stiet se nei de iepeningsdei op it fjirtjinde plak yn it klassemint.

It WK duorret oant en mei woansdei. Mei-inoar wurde der fjirtjin races syld. Yn maart wûn Bouwmeester noch de Europeeske titel yn de Laser Radial. Se hopet no op har tredde WK-titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)