Ambassadeurs meitsje kennis mei Fryslân

14 apr 2016 - 22:20

Fryslân wol hannelsrelaasjes oanhelje mei bûtenlânske partners. Dêrom binne dizze dagen in alvetal ambassadeurs yn Ljouwert. Se binne útnûge yn it ramt fan Frisian Flag. Njonken de grutte fleantúchoefening krije de ambassadeurs ek nijsgjirrige ekonomyske saken fan ús provinsje te sjen.

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma is tefreden oer de opkomst. Hy hat der alle betrouwen yn dat Fryslân hannelskontakten oerhâldt oan de ambassadeursdagen.

Njonken de kassen fan Hartman Kwekerijen yn Seisbierrum sille de ambassadeurs ek noch op besite by de Dairy Campus yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)