Gjin ferbân tusken Alliade en Noorderbreedte

14 apr 2016 - 17:14
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

Soarchorganisaasje Noorderbreedte seit mei klam net belutsen te wêzen by belangeferfrisseling fan de direkteuren fan Alliade. RTL Nieuws melde dat earst, mar komt dêr no op werom nei't  Noorderbreedte sein hat dat it net wier is.

Noorderbreedte soe opdrachten foar skjinmakwurk krijgen hawwe fan in Alliadedirekteur om dy dêrnei wer út te besteegjen oan it bedriuw Zorgassist dêr't dyselde Alliadedirekteur de eigener fan is. It soe gean om wurk yn Grou yn in wenmienskip foar ferstanlik beheinden.

Noorderbreedte seit dat der gjin relaasje is tusken Noorderbreedte en Alliade. Yn it ramt fan de Wet Maatschappelijke Ondersteuning hat de gemeente Boarnsterhim (no gemeente Ljouwert) in kontrakt mei Noorderbreedte sletten oer it leverjen fan húshâldlike help oan de fiif klanten yn Grou. Noorderbreedte hat dat dêrnei útbestege oan it bedriuw Zorgassist, dêr't de Alliadedirekteur eigener fan is. De gemeente Ljouwert is de opdrachtjouwer. Alliade hat dêr neat mei te krijen.

De soarchynstelling Noorderbreedte hiert it bedriuw Zorgassist al sûnt 2010 yn by it leverjen fan húshâldlike help yn it hiele soarchgebiet. Fan in relaasje tusken Noorderbreedte en Alliade is dus gjin sprake, lit stean dat Noorderbreedte ûnderdiel is fan belangeferfrisseling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)