Wurkstraf easke tsjin Ljouwerter foar betaasting famke fan 9

Tjjin in 37-jierrige man út Ljouwert is tongersdei yn Grins 120 oeren wurkstraf easke. Hy soe in famke fan 9 jier betaaste hawwe. De man sels ûntkent dat. Hy seit dat er gewoan mei har oan it stoeien wie.
De man is fysioterapeut. Hy waard twa jier ferlyn ek alris troch it tuchtkolleezje op de fingers tikke fanwege 'grinsoerskriedend gedrach' tsjinoer in famke fan 15 jier. Mei it each dêrop fynt de offisier fan justysje de kâns op werhelling grut. Hy easket njonken de wurkstraf ek in moanne selstraf ûnder betingst.
De rjochter docht oer twa wiken útspraak.