Sa sjocht de nije fearboat fan Rederij Doeksen derút

14 apr 2016 - 13:10

Dat Rederij Doeksen nije fearboaten bouwe lit, dat wie al bekend. Mar it wie noch in riedsel hoe't se der krekt út komme te sjen. Doeksen hat no de earste ûntwerpen nei bûten brocht en de ympresjes op Facebook setten. 

De boaten sille as alles goed giet yn 2018 yn de feart komme tusken Harns en Skylge. De twa boaten wurde 70 meter lang en 17 meter breed. Der kinne 600 passazjiers op en 64 auto's.

De boaten binne miljeufreonlik kwa brânstofferbrûk, want se farre op floeiber ierdgas. De topsnelheid fan de boaten is 14 knopen, oftewol 26 kilometer yn 'e oere. De ûntwerpen binne fan de Fryske skipsbouwer Vripack. De skippen wurde boud yn Fjetnam.

Trefwurden: 
fearboat Rederij Doeksen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)