Fryske auteurs krije kâns om te skriuwen yn Baskelân

Fryske boeken © ANP XTRA
Fryske skriuwers krije de kâns om fan oktober oant desimber acht wiken lang yn de Baskyske stêd San Sebastián te ferbliuwen. De stêd is dit jier kulturele haadstêd fan Europa. It giet om it projekt Other Words/Oare Wurden. Dêr dogge neist Fryslân ek Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië oan mei. Sy wolle sa mei-inoar in literêr netwurk opbouwe foar skriuwers fan lytse en minderheidstalen.
Doel is dat de skriuwers yn San Sebastián in nij skriuwersnetwurk opbouwe, meidogge oan it kulturele libben en dat se in literêr wurk meitsje. Dat wurdt oerset yn fjouwer oare talen en online publisearre. Oant 15 juny kinne Fryske skriuwers foarstellen yntsjinje. In sjuery makket de úteinlike kar. André Looijenga sil yn it ramt fan Other Words/Oare Wurden fan 't simmer acht wike nei Bitola yn Masedoanië.