Famkes sjogge by technyske bedriuwen op sânde Girlsday

It is noch alle jierren nedich om famkes waarm te meitsjen foar in baan yn de technyk. Der is altyd ferlet fan minsken yn de sektor en dêrom wurdt tongersdei foar de sânde kear in saneamde Girlsday hâlden. Tsientûzen learlingen fan tsien oant fjirtjin jier dogge der oan mei.
Se gean ûnder oare by boubedriuwen en oannimmers op besite om te sjen dat it net allinnich mar swier en smoarch wurk is. Dochs rint it nei sân kear Girlsday noch net stoarm yn de technyske sektor. De jonges sitte op Girlsday gewoan yn de skoalbanken.