Tefredenheid oer helpferliening sosjale wykteams Ljouwert

Sosjale helpferliening © ANP XTRA
Kliïnten fan de sosjale wykteams yn Ljouwert jouwe de helpferlieners gemiddeld in 7,8. De koöperaasje Amaryllis is yn augustus begûn mei it klanttefredenheidsûndersyk. It docht bliken dat kliïnten it kontakt mei it wykteam noflik fine. Se fiele har mei respekt en begryp behannele en fine dat se echt holpen wurde. Ek fine se it handich dat der ien oansprekpunt is. Se jouwe wol oan dat se in dúdlik doel ha wolle by it oplossen fan finansjele problemen.
Neffens Amaryllis binne kliïnten har fierders net altyd bewust fan wat in wykteam allegear te bieden hat.