Kantoarpersoniel fan De Fryske Marren miskien ûnder ien dak

De hal fan it gemeentehûs op De Jouwer © Omrop Fryslân, Andor Faber
De gemeenteried fan De Fryske Marren nimt yn septimber in beslút oer húsfesting fan kantoarpersoniel fan de gemeente. Boargemaster en wethâlders wolle it personiel ûnderbringe yn Herema State op De Jouwer. It húsfestjen fan kantoarpersoniel op ien lokaasje soe klantfreonliker, effisjinter en goedkeaper wêze.
Der binne meardere farianten ûndersocht. In oare opsje is bygelyks om de situaasje te litten sa't dy no is. It personiel is no ferdield oer twa lokaasjes. De opsje fan b. en w. is in advys oan de gemeenteried.