Alde myn fûn op strân fan Skylge

14 apr 2016 - 10:38

Op Skylge is woansdei in âlde myn oantroffen. De myn lei op it strân by peal 22. De plysje fan Skylge tocht earst dat it om in tonne gie, mar fertroude de saak dochs net hielendal. Se ha de Eksplosiven Oprommingstsjinst der by roppen en dy naam it ding mei nei Flylân. Op de Vliehors is de tonne ta ûntploffing brocht. Troch de krêft fan de eksploazje die bliken dat it dochs om in myn gie.

Neffens de plysje giet it om in grûnmyn dy't yn de oarloch troch fleantugen boppe see dropt is. Wannear't der in skip oerhinne foer, ûntplofte de myn.

Trefwurden: 
myn strân Skylge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)