Harnzer Willemshaven krijt multyfunksjonele strip

13 apr 2016 - 22:52

Wethâlder Maria Le Roy fan Harns hat woansdei it startskot jûn foar de wurksumheden oan de nije multyfunksjonele strip yn de Willemshaven. It gersfjild tusken de Kearmuorre en de loadsen wurdt de kommende moannen omboud ta in parkearterrein. Dat terrein sil ek brûkt wurde as eveneminteterrein en is dêrneist geskikt foar in bradery of in merk.

De nije strip kostet sa'n 400.000 euro en sil nei alle gedachten yn septimber klear wêze. Op de multyfunksjonele strip komt ek in toiletwagon, mar de útbater is dêr net bliid mei.

Toiletwagon

Jan Hoekstra, útbater fan it toiletgebou yn Hârns, fynt in treinwagon gjin helbere oplossing as sanitêre unit yn de Nieuwe Willemshaven. Hoekstra is lilk op wethâlder Le Roy, dy't yn jannewaris de wagon al kocht hat sûnder mei him te oerlizzen. De treinwagon is folle lytser en mar twa meter heech. Boppedat is der gjin plak mear foar in ynfalidetoilet en de waskmasinen.

Teloarsteld

"Het gebouw waar ik nu in zit is al klein, laat staan wanneer ik van honderd vierkante meter naar drieëndertig vierkante meter moet", sa seit Hoekstra. De útbater is net tsjin it idee fan in treinwagon as toiletgebou, mar fynt de útfiering fan de wagon dy't al kocht is net geskikt. Ek is Hoekstra teloarsteld dat wethâlder Le Roy gjin kontakt socht hat mei Hoekstra oer de wagon.

Wethâlder Le Roy seit dat der oan de winsken fan Hoekstra tocht binne en dat it dreech kommunisearjen wie doe't Hoekstra mei fakânsje wie. It doel is dat de treinwagon yn juny klear is foar gebrûk. As nei in jier dochs bliken docht dat it net geskikt is as sanitêre unit, wol wethâlder Le Roy wol prate oer oare oplossingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)