50 ynternasjonale keunsters yn Fryslân foar KH2018

Foar de measte ynternasjonale teatermakkers is Fryslân ûnbekend terrein. Mar dat soe nei woansdei samar feroare wêze kinne. Woansdei reizgen 50 keunstners út de ynternasjonale teaterwrâld troch ús provinsje. Se makken in toer by plakken del dêr't teaterstikken opfierd binne of noch opfierd wurde sille. Benammen Kulturele Haadstêd 2018 stie sintraal by de trip. Fertsjintwurdigers dêrfan wiene dan ek bliid mei de bûtenlânske besite. Neffens de organisaasje binne der in soad ideeën útwiksele.
Foarpriuwke
De gasten krigen in lyts foarpriuwke fan wat der yn 2018 op it programma stean sil. "Meestal als ik in Nederland kom, neem ik de trein naar het zuiden, maar de volgende keer koop ik een ticket naar Friesland', sa sei Tracy Geraghty út it Ierske Galway. It selskip gie ûnder oare nei Kimswert, Frjentsjer, Ljouwert en Marsum, dêr't se wiidweidich ynformearre waarden oer inkelde projekten út it programma fan Kulturele Haadstêd. De delegaasje begjint tongersdei oan it IETM-kongres, in twajierlikse konferinsje foar sa'n 600 profesjonals út de ynternasjonale teaterwrâld.