Finalisten Fryske ûndernimming fan it jier bekendmakke

13 apr 2016 - 17:53
  • Fryske ûndernimmers fan it jier 2016

De finalisten fan de Fryske ûndernimming fan it jier binne bekend. De kânshawwers binne Anker Stuy Verven fan Terwispel, Dierenkliniek Wolvegea en Health2Work fan Surhústerfean.

De organisaasje hat út in grut oantal oanmeldingen dizze trije selektearre. Dat is dien nei in finansjele scan en in bedriuwsmjittige scan. Dy beseach alle fasetten fan it bedriuw, lykas strategy en beliedsfoarming, mar ek hoe't der mei minsken omgien wurdt.

De finale is nije wike tiisdei yn de Alvestêdehal yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)