Oerfal op frachtweinsjauffeur yn Dokkum

13 apr 2016 - 15:58
  • (fotofoarbyld)

In 40-jierrige Dútske frachtweinsjauffeur is woansdeitemoarn om 5.00 oere hinne yn Dokkum oerfallen. De man hie syn frachtwein parkearre by de Lidl supermerk oan de Wâlddyk en lei yn de kabine te sliepen. Hy waard wekker om't de frachtwein bot skodde. Doe't de man in doar iependie, waard er fuortendaliks út de kabine lutsen en mei in mes bedrige. Hy joech syn beurs en mobile telefoan ôf, wêrnei't de dieder útnaaide.

Reade auto

It giet om in grutte, licht tinte man mei donkere klean oan. Hy is útnaaid yn in reade auto. Dy moat skea ha, want út ûndersyk die bliken dat de man mei syn auto tsjin de frachtwein botst is.

De plysje freget tsjûgen har te melden.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)