Staakte wedstriid WTOC-Leovardia wurdt sneon útspile

13 apr 2016 - 12:26

De lêste 24 minuten fan de wedstriid tusken WTOC út Aldwâld en Leovardia út Ljouwert wurdt sneon útspile. Dat hat de wedstriidkommisje fan it fuotbalbûn KNVB besletten. Hoe let de wedstriid op it fjild fan Aldwâld spile wurdt, is noch net bekend om't it besteande programma omsmiten wurde moat. It KNVB sil foarôfgeand oan de wedstriid respektbannen útdiele oan de spilers.

De wedstriid waard ôfrûne sneon staakt nei opmerkingen fan in spiler fan Leovardia tsjin WTOC-spiler Sybren Bosma, dy't in diel fan syn rjochterearm mist.

Dernei staakten de spilers de wedstriid. De tuchtkommisje fan it KNVB ûndersiket oft dit noch gefolgen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)