Leovardia 1 skriuwt ekskúsbrief oan fuotballer mei beheining

13 apr 2016 - 09:36
  • Sybren Bosma op it fjild by WTOC tsjin Leovardia

De fuotballers fan Leovardia 1 hawwe yn in iepen brief oan Sybren Bosma fan WTOC Aldwâld harren ekskuses oanbean foar de opmerkingen dy't ôfrûne sneon yn it fjild tsjin him makke binne. Bosma mist in diel fan syn rjochterearm. Ien fan de spilers fan de Ljouwerter klup sei tsjin him dat hy ''syn oare hân der ek wol ôfhelje woe.'' De spilers fan WTOC stapten nei dy opmerking fan it fjild.

Yn de iepen brief jouwe spilers en begelieders fan Leovardia wol oan dat se it dreech fine om tsjin in spiler mei in sichtbere hendikep te fuotbaljen.

Se wolle him oan de iene kant ûntsjen, mar ek wer net om't hy as fuotballer wol ''ien fan ús'' is. Neffens de spilers hie ek de skiedsrjochter muoite mei de situaasje. Sa waarden kontaktmominten mei Bosma al gau as oertrêding útlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)