Wytmarsum protestearret mei spandoeken tsjin komst azc

© Facebook, Witmarsum tegen AZC
"Geen Jihad in onze straat" en "Witmarsum, waar de democratie niet telt". Dat binne de teksten dy't tiisdei yn Wytmarsum ophongen binne. It is in reaksje op it nijs dat de gemeente Súdwest-Fryslân bliuwt by it beslút foar de opfang fan 200 asylsikers yn it eardere kleaster yn Wytmarsum.
120 minsken wurde ûnderbrocht yn it kleaster. De oare 80 asylsikers komme yn tydlike wenunits oan de achterkant fan it gebou. In grut part fan de ynwenners fan Wytmarsum is tsjin op de plannen.
Sy fine it oantal fan 200 minsken op dat plak tefolle, hat bliken dien út in enkête. Se hiene leaver minder sjoen, of twahûndert asylsikers op in lokaasje bûten it doarp. As alles neffens plan ferrint, giet it azc ein dit jier iepen.