Gemeente Súdwest-Fryslân skrikt fan rapport boaiemdelgong

De gemeente Súdwest-Fryslân is bot skrokken fan in nij ûndersyk nei de gefaren fan de gaswinning by Toppenhuzen. Yn it nije rapport dat opsteld is yn opdracht fan de gemeente, de provinsje en it Wetterskip stiet dat de boaiem ûnder it doarp nei alle gedachten fjouwer oant fiif sintimeter sakje sil.
Boppedat is de kâns op ierdbevingen hast tweintich persint. It rapport is opsteld troch de ûnôfhinklike saakkundige Adriaan Houtenbos, dy't al faker ûndersyk dien hat nei de gefolgen fan gaswinning.
Hy skriuwt dat de gefolgen fan de winningsplannen by Toppenhuzen ek skealik wêze kinne foar Snits. Ek dêr soe de boaiem sakje kinne.
"Rapport serieus nimme"
De útkomsten fan it ûndersyk ferskille bot fan de berekkings dy't winningsbedriuw Vermilion dien hat. Sy tinke dat de boaiem net mear as twa sintimeter nei ûnderen gean sil en dat de kâns op ierdbevings nihil is.
Yn in earste reaksje op it nije ûndersyk lit Vermilion witte de útkomsten neier besjen te wollen. Se nimme it rapport yn alle gefallen serieus. Op dit stuit lizze de plannen foar de gaswinning ta ynsjoch. Letter dit jier moat der in beslút oer naam wurde.
Wiis mei rapport
Pleatslik Belang Toppenhuzen is wiis mei it rapport. Neffens harren bewiist it dat Vermilion de risiko's ûnderskat. Sy wolle dat der yn alle gefallen in nulmjitting dien wurdt oan harren huzen om mooglike skea troch de gaswinning yn de takomst bewize te kinnen.