Groep Wielenpôllers wol fan kamera ôf

In groep fan sa'n 190 bewenners fan de Ljouwert wyk Wielenpôlle wol fan de kamera ôf, dy't de plysje ophongen hat yn de buert. It drukt wer in negatyf stimpel op de wyk, dy't dochs al gjin goede reputaasje hat, fine se.
De plysje hat de kamera tiisdei ophongen nei klachten fan guon ynwenners fan de wyk. Dy fiele harren net feilich. Mar de oaren fine dat se de dupe binne fan in pear oerlêstferoarsakers en de ûnmacht fan de plysje en wenningkorporaasje Elkien om dêr wat oan te dwaan. Tongersdei ha se in petear mei de gemeente hjiroer.